Loading Events

« All Events

  • This event has passed.

Literere jun oer fytsen + Jan de Vries

13 October 2021 🕒 19:30 tot 23:00

De skriuwers Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper gean op de dizze literêre jûn mei-inoar yn petear oer fytse en hurdfytse. Geart Tigchelaar fertelt oer syn psychologyske fytsroman ‘Om’, oer haadpersoan Ate dy’t in fytsreis ûndernimt nei de Noardkaap om ôf te weven mei it ferline. Elmar Kuiper fertelt oer syn aventoeren op de fyts as hurdfytser fan LWV De Friesche Leeuw.

Dêrneist sil hy wurk foarlêze dat ynspirearre is op Geart Tigchelaars ‘Om’. It optreden fan Geart en Elmar wurdt ôfwiksele mei muzyk fan muzikant Jan de Vries dy’t dit jier ûnder de namme Keel de CD ‘JJ Cale in ’t Bildts’ útbrocht, mei nûmers fan J.J. Cale yn it Bilts. Sjoch ek boekenfanfryslan.frl.

Boeken fan Fryslân

Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober sechtjin literêre optredens mei fjouwer skriuwersduo’s. Elske Schotanus & Hein Jaap Hilarides, Geart Tigchelaar & Elmar Kuiper, Hilda Talsma & Emiel Stoffers fan ‘De Hûnekop’ en Sjoerd Bottema & Jaap Louwes hawwe spesjaal foar dizze gelegenheid in eigen programma gearstald. Foardrachten út harren wurk en ynterviews oer harren wurk, al as net ôfwiksele mei muzyk foarmje de basis fan de optredens.

 

Details

Date:
13 October 2021
Time:
19:30 tot 23:00

Venue

The Friezinn
Oudebildtdijk 1226
Westhoek, Friesland 9075 NR Nederland
+ Google Map
Phone
0518 853725
View Venue Website